Nije website meitsje litte?<br/> Al fanôf € 1750,-

Nije website meitsje litte?
Al fanôf € 1750,-

Flugge en fynbere website

Ast kiest foar in Heibel website, dan kiest foar fluch, fynber en alles hielendal yn eigen behear. Us websites binne foar Google optimalisearre, en social media kinne ymplemintearre wurde. Wolsto ek in flugge website foar Google? Nim dan kontakt mei ús op.

Website yn dyn hússtyl

By Heibel passe wy de website oan yn de hússtyl fan dyn organisaasje. Wy wurkje mei sjabloanen dy’t maklik troch dysels oan te passen binne wannear’t it dy mar útkomt, fanôf elke lokaasje en mei elk apparaat (lês ek ús blogartikel: “De betsjutting fan in CMS”). Fansels begripe wy datst miskien noch help nedich hast of wat freegje wolst. Dan is it noflik om te witten dat ús Heibel-team foar dy klear stiet, ek nei’t de website live gien is.

Betelbere stipe en ûnderhâld

Foar ien kear biede wy in website oan fanôf €1.750,-. It earste jier binne hosting en domeinnamme ynklusyf. Ek biede wy standert in SSL-sertifikaat oan. Dat makket de website feilich en is ek fereaske fanút Google om goed te skoaren yn de sykmasines.

Nei in jier binne de kosten €399,- ynklusyf update (hast dus altiten in feilich systeem) en support fan ús helpdesk by fragen.

Foar in betelbere priis hast in website dy’t feilich, gebrûksfreonlik en sykmasinefreonlik is

Mear witte? Belje ús op 085 273 7954 of stjoer in e-mail nei info@heibel.nl

Wat krijst allegearre by in Heibel website:

  • Persoanlike advisearring, ek néi it projekt;

  • folslein responsive website;

  • in ûntwerp dat oanslút op dyn hússtyl;

  • 24/7 baas oer dyn eigen website;

  • ûnbeheind oantal siden tafoegje en beheare kinne;

  • optimalisearre foar Google;

  • social media-ymplemintaasje;

  • in feilige website;

  • in keppeling mei Google Analytics;

  • ús servicedesk helpt dy graach fierder;

  • multichannel, ienfâldich te linken mei oare online produkten en te behearen fanút ien plak.

Belje my werom

Giesto graach mei ús yn petear? Folje dan ûndersteand formulier yn en wy nimme kontakt mei dy op.

 

whatsapp Ma-vrij
08:00-17:00